It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
As in hûn yn tsjerke... Freedtejûn moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn Hearrenfean. Yn in tsjerke. Gjin dekor, omdat it it te heech wie, galmjend lûd, om sân oere begjinne om't de âldsjes wer betiid nei hûs ta moasten en in foarsitter dy't op de sinten siet. Lokkich wie de koster de man fan de jûn! Foar him namen wy letterlik ús pet ôf... Hy wie dan ek tige bliid mei ús petsje. It bliuwt mar swier kealjen yn 't Fean...
Gesellich... Tradisjoneel fiere wy op in beskieden wize Keninginnedei yn ús doarpshûs d'Ald Skoalle. Us gelegenheidskoar Rûm Sop hat syn bestean te tankje oan Keninginnedei, want 7 jier ferlyn waar besluten om sels in koarke te foarmjen, om't der net in shantykoar te finen wie, dy't yn 1999 op Keninginnedei foar it doarp optrede woe. Dan sels mar... En sadwaande is Keninginnedei ek altyd in bytsje Rûm Sop-dei. Op ûndersteande link in prachtich fotoferslach fan dizze gesellige moarn.
Pleatst: 29-04-2006 / 19:24 oere - Reagearje?
En wêr is de parkearwachter no??
En sy meie wol op 'e Merk yn Dokkum parkeare? Dan mar fluch in âld lekken oer de moterkap bine... No, dat kin ik ek wol: Mei de VUT gean ik no, dat jou my mar gjin print kado...
Willem Alexander?? 27 Jier, lyn hong de flagge út yn Balk. Doe't ien fan ús gasten Balk ynriden kaam sei hy: 'Van der Heide is wel een populair figuur zeker, ze hebben allemaal de vlag voor hem uit...' En dat miende hy ek noch...
Pleatst: 27-04-2006 / 22:56 oere - Reagearje?
@!$#&*%$#@%$$@@**!!
Pleatst: 26-04-2006 / 19:46 oere - Reagearje?
En sa stean wy der foar... Fia www.knltb.nl kinne wy de útslagen fan ús tenniswedstriden ynfiere. In moai systeem. Want al nei in heal oere is de útslach ferwurke yn de stân. Sa kinne wy moai byhâlde hoe't wy der foar stean. Fansels giet dat mei in ynlochkoade, mar it is hiel wat better as in pear jier ferlyn. Doe moast alles opstjoerd wurde. En foar alle dúdlikheid: wy binne Westdongeradeel 1.
Pleatst: 25-04-2006 / 22:09 oere - Reagearje?
Straftrening... Dat skeat my noch krekt op 'e tiid yn 't sin: ik hie my opjûn foar tennisles. Jûn moast ik foar it earst hinne en ik koe fuortendaliks los. It die bliken, dat ik mar allinne op les wie, want myn lesgenoat hie lêst fan 'e rêch. Dat de trener hat my goed ôfbealge. Mar dat wie ek wol nedich nei it ferlies fan ôfrûne sneon tsjin Frentsjer. Dat wie sa'n drama, dat ik de útslach hast net doar de sizzen... Mar afijn, de trener hat my wer moed jûn. It mei dúdlik wêze dat it luie swit der aardich út is...
Pleatst: 24-04-2006 / 22:01 oere - Reagearje?
'In mei leggen...'(2) De bern fan 'e fjouwerHoeke binne wakker oan 'e gong west yn it skoallebosk by harren skoalle. Juf Wilma hat foto's makke. Fia dizze link: skoallebosk kinne jimme de foto's besjen. It wurdt no echt maitiid!
Pleatst: 23-04-2006 / 11:10 oere - Reagearje?
'In mei leggen...' En wat mei dit wol net wêze?
Tip: it hat te krijen mei it skoallebosk op 'e Hantumerhoeke. Moarn komme wy hjir op werom.
Pleatst: 22-04-2006 / 12:35 oere - Reagearje?
Yn in pear wurden... Dizze dei yn stekwurden:
Pleatst: 21-04-2006 / 23:56 oere - Reagearje?
Sportman fan 'e ieuw (2) Yn de film hat ien fan de húsbazen in Doberman as waakhûn. As de haadrolspiler by him oan de doar komt om ferhaal te heljen, dan seit de baas wat út 'e hichte (en dan der ek even in bryk Nederlânsk aksint by tinke): En no moatst fuortwêze want oars - en dan sjocht hy nei de driigjende Doberman - stjoer ik Bijke op dy ôf!' In giller! in Doberman dy't Bijke hjit... Ik soe mear tinke oan Zorro, Wodan as Grutte Pier...
Pleatst: 20-04-2006 / 21:12 oere - Reagearje?
Eksposysje (2) Ha jimme it lêzen op Wâldnet? En oars mar gau dwaan... Foar de goeie oarder: de link yn ûndersteand stikje wurket net, mar de folgjende wol!
Eksposysje... Ride jimme wolris oer E-10 nei Ljouwert? Dan komme jimme lâns Huize Vijversburg yn it bosk fan Ypey. Flak oan de dyk stiet in teehúske. Lit dat no krekt it plak wêze dêr't ús klasse in eksposysje ynrjochte hat. It bosk fan Ypey is in wrâldferneamd keunstpark, in park mei in protte bysûndere keunstobjekten. Dêr binne fanôf hjoed keunstwurken, makke troch de bern fan groep 5 en 6, bykaam. Oer dit bysûndere projekt kinne jimme alles lêze op de webside fan ús skoalle. En mochten jimme te kuierjen gean yn it bosk fan Ypey, dan even lâns de eksposysje fansels.
Sportman fan 'e ieuw Wy wolle op sokke frije dagen noch wolris in 'bioskoopke pakke'. Wy hiene in protte heard fan De sportman fan 'e ieuw. Dat op nei Dokkum. It wie wol in moaie film, mar dêr is dan ek alles mei sein. Jo moatte net al te Frysksinnich wêze, oars ergerje jo je kapot oan it Frysk wat der praat wurdt yn 'e film. Ha stikem in foto makke, mei de tillefoan. Mar al litte jo ek alle keunsten fan Paintshop Pro der op los, it bliuwt behelpen fansels... Dochs ek noch mar in foto fan de webside ôfhelle.
Pleatst: 17-04-2006 / 20:39 oere - Reagearje?
VIP spot?? Hy siet achter ús, doe't wy juster yn 'e Deurbraek lekker sieten te iten. Doe 't wy in foto makken woe hy der perfoast net op en hâlde it menu foar syn gesicht.Wy kinne wol in tip jaan: it is in (âld) kollega... Oplossingen kinne nei ûndersteand adres ;-)
Peaskemiel Wilma en Wietsche wiene nei Levade 'The Noble Horse Gala', yn Ljouwert west. Doe sei Wilma al: as wy let thús binne, kinne wy ek wol mei syn allen te iten. Wy skilje wol oft wy earne sitte. Om healwei achten gie de tillefoan: wy sitte yn 'e Deurbraek yn Dokkum. Komme jimme ek? No dêr hoegden Marten Remko en ik net sa lang oer nei te tinken. It siet wer 'als vanouds'!
Game, set and match...(2) Dat wie better! Juster moasten wy tennisje yn Drachten. Tsjin de Beampipers. It waard in moaie middei, mei skitterende partijen. Lokkich waard de striid yn ús foardiel beslist! Wy wûnen mei 1-3. De moaiste partij tennisten Durk en ik. Yn in heroyske striid kamen wy achter mei 1-0 yn sets
Pleatst: 16-04-2006 / 13:04 oere - Reagearje?
Hendrik Jan de Tuinman... Fan 'e moarn, op dizze Goed Freed, moast ik betiid fan bêd. Nei de kapper foar in Peaske kûp. Wy ha wol even noflik sitten by AB-kapsalon. In goeie en noflike kapperssaak yn Ternaard. Sa kaam it petear op túnkjen. It wie moai waar dat, sa waard ornearre, ik koe wol yn 'e tún. Op 'e weromreis lake dat idee my wol oan! Dan soe ik fêst de earste wêze, want doe't ik wat om my hinne seach yn ús doarp, wiene der noch net folle doarpsgenoaten troch de tún west. (Sjoch ek: Maitiid) Boppedat koe ik sa myn bynamme fan eartiids ek wer eare oan dwaan! Wa koe yn de jierren 70 - fan de foarige ieuw - Hendrik Jan de Tuinman net? Dat ha'k faak heare moatten. Mar afijn, nei in koarte ynspeksje yn 'e foartún, koe'k Pyt allinne mar gelyk jaan, it wie noch aardich fris op 'e wyn. Dat earst mar in bak kofje. Boppedat hie de Peaskehazze, wat betiid foar syn dwaan, al wer fan alles dellein tusken ús eksoatyske beplanting. Dat it gêrs moat noch mar even wachtsje. En oars sjogge jimme it wol op dizze side...
De lêste drip (4)
Sit der noch ien op myn aftershave te bieden op E-bay! Blykt dat in goeie freondinne te wêzen, dy't myn ferhalen folget op myn side. Fansels bin ik ophâlden mei bieden. Siet se der ek noch oan fêst! Doe krige ik dizze reaksje (mei foto...)
Hee Hendrik
Smoarch... Fan 'e moarn betiid wiene de jongste soan ek ik wat oan it harsenskrabjen oer wa't no earst yn 'e dûs mocht. Hy sei: 'Wêr wurdtsto no smoarch fan? Wat kryt fan de hannen ôf slaan, wat by dy bêrn sitte, wat dom op it plein omrinne. Do hoechst dy net te dûsen, ik gean wol earst! En doe sei ik (en dat op 'e betide moarn, dan bin ik noch net iens op myn skerpst...): 'Dat komt fan dy smoarge bern...!'
Rejzele & Mottel... Hjoed ha wy wol in hiele aardige foarstelling sjoen! Yn it ramt fan 'Uur Cultuur' binne wy mei de klas nei de Schalmei yn Hurdegaryp west. Dêr spilen muzikanten fan Di Gojim ûnder de namme fan Schnorrer, Nebbisjman & Co de foarstelling Rejzele en Mottel. In muzikale foarstelling oer it libben fan twa joadske minsken yn fûgelflecht. It wie prachtich en hiel muzikaal! Spitich dat der gjin foto's fan de foarstelling makke binne. (En se binne op it ynternet ek net te finen, útsein in foto fan ien fan de muzikanten dy't ek it ferhaal fertelde...)
Pleatst: 11-04-2006 / 22:39 oere - Reagearje?
In stripfiguer?? Soms ha jo gjin idee hoe't je oerkomme as jo foar in groep minsken steane. Fine se jo âld, dik, keal as miskien wol knap as bekoarlik... Wês earlik, meastentiids fine jo dat ek net sa wichtich, it giet om it boadskip dy't je oerbringe. Dochs!? Yn elts gefal sjocht ien fan de bern út myn klasse my wol as in hiele bysûndere karikatuer. Sjoch mar nei dizze tekening...
Game, set and match... En dat dogge wy ek noch... tennisje. Alles ha wy der foar oer om mar yn kondysje te bliuwen en it búkje slinke te litten. Wy dogge mei TV Westdongeradiel mei oan de simmerkompetysje. En dy begjint al op 8 april! Rein, hurde wyn en kjeld, hoe krije se it yn 'e plasse. Elk jier wer itselde, elk jier sizze wy wer: wêrom begjint it net in pear wiken letter! Us tsjinstanners kamen út Seisbierrum. WESP, sa hjit harren tennisferiening. In moaie namme, want dy letters steane foar: Wjelsryp, Easterbierrum, Seisbierrum en Pitersbierrum. In soarte fan 4-h doarpen mar dan boppe Harns...
Frysk bloed tsjoch op...! Mei in panne fol mei 'Rys mei Rotsooi' (sa neame wy altyd it iten wat bestiet út rys mei ien as d'oar sauske...) plat foar de TV. Want myn kollega moast mei de Blauhúster Dakkapel spylje by de wedstryd Heerenveen - Feyenoord. Sy spylje allinne mar it Frysk Folksliet, oare deuntsjes meie se net mear spylje ûnder de wedstryd en yn it skoft in ferbân mei de reklame dy't op sa'n jûn foarrang kriget. Dus moasten wy goed oplette as wy him seagen by de iepening fan de wedstryd. Wy ha him sjoen! Dat wy giene mei in goed gefoel de wedstryd yn. Spitigernôch waard it 1-1, mar wy ha ús wol wer fermakke.
Pleatst: 07-04-2006 / 23:09 oere - Reagearje?
Dat moderne spul ek allegearre... In kollega wie oan 'e gong mei it toetsen fan bern út groep 1 en 2. De bern moasten yn in bepaalde tiid safolle mooglik kleuren herkenne. Juf siet der klear foar mei in stopwatch yn 'e hân. Doe't juf oan de beuker frege oft hy wol wist wat juf yn 'e hân hie sei hy: 'Jawel juf, dat is een één-twee-drie speler...'
Pleatst: 06-04-2006 / 22:56 oere - Reagearje?
Keninginnebult Wakker drok oerlis mei de Hantumer jeugd fan 'e jûn. Soe de Keninginnebult wol baarne dit jier? Wy geane der al fanút...
Pleatst: 05-03-2006 / 22:23 oere - Reagearje?
Mei de TomTom nei Ede... Wakker nijsgjirrich: tegearre nei in ICT-kongres yn Ede. Mei syn twaën as leden fan de boppeskoalske ICT-groep. Op sa'n dei moetsje jo in hiele protte 'gewichtige' minsken. Allegearre mei in moai kaartsje op it boarst. Moai is it dat minsken 'Tytsjerksteradiel' hast net útsprekke kinne. Dat fyn ik prachtich!
Doarpsfilms Nei wat doelleas surfen kaam ik op de ynternetside fan Tresoar telâne. In hiele protte ynformaasje yn dit 'Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum'. Nei wat klikken kaam ik op in side mei doarpsfilms. Dizze films kinne online besjoen wurde. Ek twa films oer Hantum steane op dizze side. No wisten wy al fan it bestean fan dizze films ôf, mar it is dochs aardich dat jo se ek op ynternet besjen kinne. Dus gau klikke op:
doarpsfilms.
Piebe Priegel skriuwt...(2) Maitiid stie yn it aprilnûmer fan 1997 fan ús doarpsblêd Hichtepunten. Mar ek foar no is it noch aardich aktueel. Allinne de earste moterkes ha wy noch net heard...
Pleatst: 02-04-2006 / 18:08 oere - Reagearje?
Welcome back to Hotel California Pikefel! Hotel California, it bêste nûmer ea makke troch in rockband. Alteast dat fyn ik... Doe't justerjûn de Egels dit nûmer ynsetten, gie it my suver wat oer de lea! Wat prachtich spile troch dizze Eagles tribute-band. Op harren side omskriuwe se it sa: "Sinds hun oprichting in 2003 zijn ‘De Egels’ uitgegroeid tot de ultieme Eagles tribute band van Nederland, die volgens kenners het origineel schrikbarend dicht benadert." En dat wie ek sa. In prachtige jûn mei geweldige muzyk. It aardige is dat jo op sa'n jûn mear âlde rockers treffe. 'Jeugd' dy't yn harren rûge tiid ek de platen fan de Eagles griis draaiden. En dan herkenne jo se ek noch net iens... No ja, Sjoerd en Mattie kinne wy goed fansels, mar oer Theo Stockmann moast ik earst al even neitinke: wa is dat ek alwer... Ik sei letter tsjin him, doe 't it kwartsje fallen wie: 'Ach, wy wurde wat dikker, kealer, dôver en drage in bril, mar troch dizze muzyk stiet de tiid even stil en is it krekt as is der neat feroare...
Pleatst: 02-04-2006 / 12:19 oere - Reagearje?
De lêste drip (3) Wy ha der wer ien! Fia E-bay ut Dútslân. Kost in pear sinten, mar dan ha jo wek wat... Fia in moai ferhaal nei oanlieding fan myn weblog op Dyxlog, kaam ik derachter dat jo Irish Moos ek noch wer op in oare wize skriuwe kinne. As Irish Moss. Dat fuort wer yntipe yn Google. Wat die bliken? Ek yn Amearika is it te keap. Mar de priis is my noch wat te heech om it fan de oare kant fan de wrâld komme te litten. Ik kin no in aardich skoft foarút, dat de Boeing mei aftershave út de USA moat noch even wachtsje...
Pleatst: 01-04-2006 / 17:41 oere - Reagearje?
De moderne master...
Pleatst: 01-04-2006 / 13:09 oere - Reagearje?
Suwâld Ea wolris west? Yn Suwâld? As jo der net hoege te wêzen, dan komme jo der nea. Want Suwâld is net in trochgeande rûte. Mar wat is it in moai lyts en smûk doarpke yn Tytsjerksteradiel. Wy moasten der juster optreden mei Klún & Knoffelhakke. It sette goed yn, want wy mochten medwaan oan de barbecue. Barbecue? No al?? Ja, it wie in binnendoar BBQ, mei in hiele grute wasemkap derboppe. It smakke hearlik en wy moasten ús ynhâlde om ús net te grou te iten (ik soe hast skriuwe fretten...) want wy moasten ek noch optrede. It waard in prachtjûn! Hiel gesellich en in protte wille. Sawol foar ús as it publyk. En ek nei ús optreden stie de barbecue noch oan en mochten wy it lêste fleis opite. It wie foar ús in perfekte jûn mei in gastfrije organisaasje en in hearlik publyk!
Pleatst: 01-04-2006 / 12:38 oere - Reagearje?
|